Jonge smyt ruten yn

© Omrop Fryslân
De plysje hat in 18-jierrige ynwenner fan Ljouwert oanhâlden. Hy wurdt fertocht fan fernieling. Plysjes giene nei in gebou oan de Maagdepalm yn Ljouwert, omdat der in melding binnenkaam oer ynsmiten ruten. Op dat plak wie in grutte groep jongeren en dy wiisde fuortendalik de dieder oan.
De man is nei it plysjeburo brocht. Nei ferhoar mocht er mei in proses-ferbaal wer nei hûs.