Laptop mei op 'e boat

03 mrt 2009 - 22:39

De provinsje wol de nijste kommunikaasjetechnology ynsette om mear wettersporters nei de Fryske Marren en kanalen te lûken. Troch ICT-systemen te brûken moatte toeristen langer en yntinser op it Fryske wetter bliuwe.

Troch it projekt Draadloze Friese Meren kinne toeristen tenei op harren boat al sjen hoe drok it by de slûzen is. Undernimmers kinne fiif persint mear omset draaie troch it projekt. It wettersportseisoen kin ek langer duorje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)