Miljeufreonlike hierhuzen

03 mrt 2009 - 21:30

Wenningkorporaasje WoonFriesland wol dat al syn huzen yn 2020 miljeufreonlik binne. De hierwenningen moatte oer alve jier folle minder enerzjy ferbrûke. Om dat te berikken stekt de korporaasje de kommende jierren in soad jild yn it suniger meitsjen fan de huzen.

Foar de hierder hat it ek foardielen. De rekkens foar gas en elektrisiteit binne yn 2020 leger. De korporaasje wol ûnder oaren prate mei hierders, it Ryk en enerzjybedriuwen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)