Gjin muzyk by Foreign Media

Nynke Laverman is ien fan de artysten by Foreign Media Group
De Fryske platemaatskippij Foreign Media Group fertsjintwurdigt net langer popartysten as Syb van der Ploeg, Nynke Laverman en Van Velzen. De muzyktakke fan de maatskippij wurdt oernommen troch it nije bedriuw fan Arjen Terpstra, de oprjochter fan Foreign Media Group.
Terpstra bringt de artysten ûnder yn syn nije bedriuw T2 Entertainment. Hy bliuwt wol belutsen by Foreign Media Group. Troch de oername moatte der fiif minsken út.