Oefening fearboatramp ôfsein

© Omrop Fryslân
De oefening mei in fearboatramp op de Waadsee woansdei wurdt útsteld. Troch it minne waar is it net ferantwurde om de oefening trochgean te litten. Rederij Doeksen, de KNRM en Hulpverleningsdienst Fryslân soene oefenje dat op de fearboat MS Vlieland tusken Harns en Flylân brân útbrekt. Sa'n 200 opfarrenden soene dan evakuearre wurde.
Learlingen fan de Seefaartskoalle Willem Barentsz soene meiwurkje oan de oefening.