Ingelske opkeapers yn Fryslân

03 mrt 2009 - 15:06

In Ingelsk bedriuw is de kommende dagen yn Fryslân om juwielen, antyk en horloazjes fan partikulieren op te keapjen. Yn it Oranjehotel yn Ljouwert holden de Ingelske ynkeapers fan goud en sieraden tiisdei sitting. Se hiene advertearre yn de krante en hoopje foar in prikje djoere horloazjes en juwielen op te keapjen.

It bedriuw Roadshow EU ferkeapet it guod mei winst troch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)