Stroomsteuring yn Ljouwert

In part fan Ljouwert hie tiisdeitemoarn lêst fan in stroomsteuring. In part fan it yndustrieterrein De Hemrik en de wyk Aldlân sieten fan tsien oant alve oere sûnder stroom. Winkels dêr gongen tydlik ticht en autobestjoerders moasten der ekstra goed om tinke omdat de ferkearsljochten it net diene.
De stroomsteuring waard feroarsake troch in spontane kabelsteuring. Essent siket noch út hoe't dat krekt barre koe.