Ljouwert set wentebou troch

03 mrt 2009 - 11:05

Ljouwert wol nettsjinsteande de resesje fêsthâlde oan ôfspraken oer de wenningbou yn dy gemeente. Dêr wol de gemeente ôfspraken oer meitsje mei wenningkorporaasjes, banken, projektûntwikkelders en makelders.

Yn it wenplan fan de gemeente stiet dat der alle jierren 400 oant 600 wenningen bykomme moatte. Troch de krisis nimt de fraach nei in hierwenning ta. De gemeente wol dat dêr by wenningbouplannen mear rekken mei hâlden wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)