Roeisloep Skier kin troch

03 mrt 2009 - 07:55

De oprop fan it bestjoer fan roeisloep 'De Herkenning' fan Skiermûntseach foar nije roeiers hat fertuten dien. Der hawwe har 18 minsken oanmelden om mei te roeien.

It like der eefkes op dat de sloep ferkocht wurde moast, omdat der net genôch roeiers wiene. It bestjoer die dêrom in oprop. Der wiene eins mar 10 nije roeiers nedich. It bestjoer is tige wiis mei it oantal fan 18, omdat der no ek genôch reserve-roeiers binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)