Helderheid oer wynmûnen easke

© Omrop Fryslân
Der moat helderheid komme oer de wynenerzjyplannen fan de provinsje. Dat eaksje de steatefraksjes fan it CDA en de PvdA. Der binne neffens de partijen in soad initsjativen foar nije wynmûneparken. Dy rinne op it stuit fêst op it feit dat der gjin nij belied is.
Gemeenten en inisjatyfnimmers witte no net wêr't se oan ta binne, omdat de kriteria net dúdlik binne, sizze CDA en PvdA. It CDA wol yn elts gefal ôf fan losse wynmûnen.