Wer winst jong Hearrenfean

Tarik Elyounoussi (foto Martin de Jong)
Jong Hearrenfean hat it paad omheech fûn. Moandeitejûn waard de útwedstriid tsjin jong Vitesse mei 2-1 wûn. It begjin fan de Feansters wie sterk. Xander Houtkoop sette yn de sechsde minút de ploech op foarsprong. Doe't yn de 17e minút Lesly Fellinga ûnderút lutsen waard yn de 16-meter, skeat Tarik Elyounoussi de strafskop binnen.
De foarsprong hie grutter wêze moatten, mar in pear bêste kânsen waarden net benut. Vitesse kaam troch Wiljan Pluim yn de 82ste minút op 1-2.