Fiskstreupers oppakt

02 mrt 2009 - 19:27

It fiskstreuperijteam Fryslân hat moandei op de Sleattemer Mar twa manlju oppakt foar streuperij. De mannen waarden betrape doe't se de netten ophellen. De plysje fûn dêrnei sa'n 500 meter yllegale netten, dêr't sa'n 200 kilo fisk yn siet.

It gie om snoekbears en brazem. De netten en de boat binne yn beslach nommen en de beide fertochten hawwe in bekeuring krigen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)