Wâlen Wier-Bartlehiem oanpakt

© Omrop Fryslân
Wetterskip Fryslân sil yn 2010 de wâlen en kaden tusken Bartlehiem en Wier opknappe. It is diel fan it plan om de noardlike alvestêdefarrûte op te knappen. Op de rûte fan 10 kilometer moatte de kaden ferhege wurde, sadat se oan de feiligensnoarmen foldogge.
De noardlike alvestêdefarrûte wurdt geskikt makke foar boatsjefarders. Brêgen wurde heger makke, de feart wurdt ferbrede en nije slûzen wurde oanlein. It projekt is in pear jier lyn begûn.