Fergoeding foar sport of muzyk

02 mrt 2009 - 14:00

Bern út earme húshâldings yn Noardeast-Fryslân kinne fan moandei ôf makliker op muzykles of swimmen. Achtkarspelen, Dantumadiel, Dongeradiel en Kollumerlân krije 600.000 euro fan it Ryk om de húshâldings hjir in fergoeding foar te jaan.

Moandei ha de gemeenten hjir ôfspraken oer makke mei steatsiktaris Klijnsma. Mei-inoar binne 760 jongeren fan 4 oant 18 jier by de gemeenten bekend, dy't foar in fergoeding yn de beneaming komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)