De Blauwe Golf ticht

In leech ynstruksjebad yn De Blauwe Golf
It rekreaasjebad fan swimbad De Blauwe Golf yn Ljouwert is sûnt moandei sletten. De twa filters moatte reparearre wurde. Oarspronklik soe it bad iepen bliuwe en soene filters om beurten makke wurde. Mar dat wurket net en dêrom giet it bad ticht.
Ofrûne wykein waarden ek al it ynstruksje- en it doelgroepebad om deselde reden sletten. It wedstrydbad fan De Blauwe Golf bliuwt iepen. Foar dat bad jilde lykwols wol oanpaste tiden foar de brûkers.