Bobbers wurde sânde

02 mrt 2009 - 12:58

Sybren Jansma fan De Pein is snein mei syn team as sânde einige by it WK bobslydzen yn de fjouwermansbob. Sneon nei de earste beide omlopen stie de bob fan stjoerman Edwin van Calker noch op it achtste plak. De titel gie nei de Amerikaan Steven Holcomb.

It Nederlanske team sjocht tefreden werom op it seizoen. It sânde plak wie de heechste klassearring ea op in WK. Earder dit jier waarden al olympyske nominaasjes fersjinne yn de twamans- en de fjouwermansbob.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)