Klijnsma iepenet wurkplein

02 mrt 2009 - 12:18

Steatssiktaris Jetta Klijnsma fan Sosjale Saken en Wurkgelegenhied hat moandei it Werkplein Noardeast-Fryslân iepene yn it gemeentehûs fan Dokkum.

Minsken sûnder wurk kinne dêr terjochte om wer oan it wurk te kommen. Op it wurkplein binne alle ynstânsjes fertsjinwurdige, lykas de gemeenten en it sintrum foar wurk en ynkommen; it CWI. Neffens Klijnsma is it ek wichtich dat minsken dy 't driigje harren baan te ferliezen harren alfêst oriïntearje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)