Sms-kursus foar aaisikers?

It bûn fan Fryske Fûgelwachters beslút tiisdeitejûn oft se in SMS-kursus foar aaisikers betelje wolle. De kursus foar 6 oant 8 persoanen kin jûn wurde troch dosinten fan it Friesland College en kostet 380 Euro.
Germ van Essen fan Reduzum hat al ferskate oanmeldings fan aaisikers dy't net mei PC en mobyl oerwei kinne en ferlet hawwe fan sms-les. Fan moandei ôf kinne aaisikers it fjild yn. As se in aai fine moatte se dat melde mei in sms-ke.