Goeie opkomst foar faksinaasje

02 mrt 2009 - 11:11

De ekstra oprop fan de GGD oan famkes fan 13 oant en mei 16 jier om harren ynintsje te litten tsjin baarmoederhalskanker hat fertuten dien. Boalsert wie moandeitemoarn it earste Fryske plak dêr't prikt waard en de opkomst wie grut.

Fan de 240 oproppen famkes kamen 205 foar de yninting. Dat is 85 prosint, lanlik is de opkomst 70 prosint. Yn totaal binne der trije prikken nedich, dy kinne se dit kommende healjier helje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)