Jonge autorider (17) oanhâlden

02 mrt 2009 - 10:59

In 17-jierrige jonge út Aldeboarn is snein oanhâlden omdat er autoried wylst er noch gjin rydbewiis hat. Hy hie de auto liend fan in freon fan him fan It Hearrenfean. Boppedat hie er alkoholhâldende drank op.

De plysje hat de jonge in proses-ferbaal jûn en in rydferbod fan twa oeren foar de fyts of in scooter. De man út It Hearrenfean wurdt nei alle gedachten ferfolge foar it útlienen fan syn auto oan in minderjierrige.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)