A7 by H'fean noch lang stremd

02 mrt 2009 - 10:04

Der wurdt drok wurke om de A7 by It Hearrenfean wer frij te meitsjen foar ferkear. In takelwein is dwaande in kantele frachtauto fan 'e dyk te krijen. De Tsjechyske truck sloech moandei tsjin achten om doe't it ôfslaan woe. De lading fan stielen pipen begûn dêrby te skowen.

De ferwachting is dat de dyk noch oant tolve oere stremd is. It ferkear wurdt omlaat oer De Gordyk. Moandeitemoarn ûntstie der yn de spits in lange file fan mear as 15 kilometer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)