Kankerfaksin let troch file

02 mrt 2009 - 09:52

Yn Boalsert stiet in groep fan 20 famkes te wachtsjen op de faksinaasje foar baarmoederhalskanker. De auto mei dêryn de faksins hat fertraging oprûn troch de file by It Hearrenfean.

Dêr leit in kantele frachtwein op 'e dyk en dy soarget foar in file fan dik 15 kilometer. Yntusken is de auto út de file en ûnderweis nei Boalsert. Dêr kin it elk moment oan komme. Yn hiel Nederlân begjinne moandei de earste faksinaasjes foar baarmoederhalskanker.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)