Sleat wintersk foar 'De Hel'

02 mrt 2009 - 09:15

Sleat wie dit wykein wer hielendal werom yn winterske sfearen mei iis op 'e grêft en snie. It stedsje wie foar de opnamen fan de film De Hel fan '63 wer werom yn de winter fan 1963. Der waarden opnamen makke fan de trochkomst by de stimpelpost yn Sleat.

Mear as 300 figuranten spilen entûsjast mei, ek al moast it tsien kear oer. Moandei giet de filmploech nei Finlân foar trije wike. Dêrnei wurdt wer yn Fyrslân draaid. Ein april moatte de opnamen klear wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)