Files nei kantele frachtauto

02 mrt 2009 - 09:00

It ferkear op de A7 moat by knooppunt Hearrenfean rekken hâlde mei fertragings. Fan Drachten kommend leit der in kantele frachtauto. It giet om in Tsjechyske frachtauto dy't stielen pipen ferfiert.

De sjauffeur siet beklemd en is oerbrocht nei it sikehûs op It Hearrenfean. Hy is ferwûne rekke oan de holle. Der stie om healwei njoggenen in file fan 15 kilometer. Der wurdt besocht sa gau as mooglik ien rydbaan frij te meitsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)