Waadeilannen ûnder wetter?

© Omrop Fryslân
Parten fan de Waadeilannen steane binnen 100 jier ûnder wetter as de natuerlike oangroei fan de eilannen net op gong brocht wurdt. Dat seit in ekspert fan Deltares, in gearwurking fan ûnder mear TNO en Rykswettersteat.
De ekspert, Albert Oost, hat de bewenners fan Flylân koartlyn ferteld wat de konkrete plannen binne wêrmei't de net bewenne parten fan it eilân op natuerlike wize maksimaal ien meter omheech komme. Dat is likefolle as de ferwachte seespegelstiging.