Jonkje (5) ûntdekt brân

01 mrt 2009 - 15:28

In wenning oan de Schwartzenbergstrjitte yn Damwâld hat sneontenacht in soad reek- en wetterskea oprûn troch in brân. It fjoer ûntstie nei alle gedachten yn in sliepkeamer.

It 5-jierrich soantsje fan de bewenners ûntduts de brân. De brânwacht hie de brân gau ûnder kontrôle, mar koe dochs net foarkomme dat de sliepkeamer hielendal útbaarnde. De oarsaak fan de brân is noch net bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)