Ynbraak yn wenning en bedriuw

01 mrt 2009 - 15:26

Yn in wenning en bedriuw fan in bewenner fan De Harkema is sneontejûn ynbrutsen. De dieders brutsen earst yn yn de wenning fan de man. Sy namen in lcd-televyzje, sieraden, jild en kaaien mei.

Mei dy kaaien ha sy letter ynbrutsen yn it bedriuw fan de man yn Drachten. De plysje wie dêr noch hinnegien, mar kaam te let. Ut it bedriuw binne ek noch in lcd-televyzje en jild stellen. De 41-jierrige man fan De Harkema hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)