Auto's fernield yn Stiens
Yn Stiens binne yn de nacht fan sneon op snein sechtjin auto's fernield. It giet benammen om stikken sleine ruten. De auto's stiene op de Lege Hearewei, It Achterbosk en de Kakewei.
De eigners fan de auto's hawwe oanjefte dien. De plysje siket noch tsjûgen fan de fernielings.