Auto yn 'e brân stutsen

© Omrop Fryslân
De plysje siket tsjûgen fan it yn 'e brân stekken fan in auto yn Easterwâlde. De auto stie sneontenacht op de Prakkenloane yn it doarp. Omwenners seagen om tolve oere nachts dat in auto yn de brân stie en bellen de helptsjinsten.
Doe't de brânwacht en de plysje de oarsaak fan de brân ûndersochten, rûkten se in benzinelucht. Ek fûnen sy in stikkene flesse dy't ek nei benzine rûkte. Tsjûgen fan de brân kinne kontakt opnimme mei de plysje.