Snelheidsduvel oanholden
In 23-jierrige ynwenner fan Noardwâlde hat sneontemiddei in proses-ferbaal krigen foar gefaarlik rydgedrach en te hurd riden. De automobilist ried op de Rykswei A32 en hold net genôch ôfstân mei de auto foar him.
Doe't de plysjes dit seagen en de bestjoerder in stopteken jaan woene, joech er gas en ried mei hege faasje fuort. By de efterfolging waard wol 200 kilometer yn 'e oere riden. Op de Atalantastrjitte op It Hearrenfean koe de man steande holden wurde.