Oerfal yn wenning Ljouwert

01 mrt 2009 - 15:07

De plysje docht ûndersyk nei stellerij mei geweld yn in wenning oan de Roptastate yn Ljouwert. Sneontemoarn siet in 52-jierrige frou yn har wenkeamer, doe't twa manlju deryn kamen en har mei in knipskjirre sloegen.

Dêrnei hold ien man de frou op de bank fêst en gong de oare man op ûndersyk út yn de wenning. De manlju ha jild en twa telefoans stellen en naaiden dêrnei út. De frou moast holpen wurde yn it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)