Start nij mentoareprojekt

01 mrt 2009 - 13:33

Humanitas Fryslân begjint op tiisdei 3 maart mei in nij mentoareprojekt. Mei it projekt wurde frijwilligers keppele oan minsken dy't sels net by steat binne om har eigen beslissings te nimmen.

It giet dan bygelyks om minsken mei de sykte fan Alzheimer, minsken mei in ferstanlike beheining of minsken dy't yn koma lizze. As dy minsken gjin famylje of oaren ha om foar har op te kommen, kinne sy fan Humanitas in mentor tawiisd krije.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)