Projekt 'Doen!' is sukses

01 mrt 2009 - 12:27

It projekt 'Doen!', dat de ôfrûne twa jier rûn hat yn wenwiken yn it easten fan Ljouwert, hat in sukses west. Dat stiet yn de evaluaasje fan it projekt. Ljouwert krige yn de simmer fan 2006 twa miljoen euro foar Doen!.

It jild wie bedoeld om de sfear yn de wiken op ferskaat mêd te ferbetterjen. De projektgroep tinkt dat dat goed slagge is. De bewenners kinne sels ideeën oandrage by Doen!. Der binne pleinen en plantsoenen opknapt, der ha feesten west en der is kompjûterles jûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)