IIsskulptuerefestival yn Snits

28 feb 2009 - 15:40

It iisskulptuerefestival yn Snits hat sneontemiddei in soad folk lutsen. Op trije plakken yn it sintrum fan de stêd binne de iiskeunstwurken fergees te sjen.

Ek wurde der demonstraasjes iisbewurkjen jûn, allegear mei it tema Snits en de Alvestêdetocht. Foar bern binne der aparte aktiviteiten. Sy kinne muntsjes út it iis hakke en har fotografearje litte yn in iisblok.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)