Byienkomst oer autorally

28 feb 2009 - 15:37

Sa'n tachtich dielnimmers oan in autorally fan Ljouwert nei de Baltyske lannen ha har hjoed yn Eelde op in ynformaasjebyienkomst byprate litten. De rally, de Nordconnect Trial, is bedoeld foar noardlike ûndernimmers en wurdt yn maaie ferriden.

Doel is dat de ûndernimmers de regio om de Baltyske See hinne kennen leare en dêr kontakten opdogge. Oerdeis ride se, jûns treffe se kollega's út lannen as Poalen, Litouwen, Letlân en Sweden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)