Jopie Huisman-museum wer iepen

28 feb 2009 - 15:03

Yn Warkum is fan sneon ôf de nije ynrjochting te besjen fan it Jopie Huisman-museum. It museumbestjoer hat it gebou dernjonken oankocht. Sa koe der in hiele nije opstelling makke wurde.

Dat wie needsaaklik omdat it museum te krijen hie mei weromrinnende besikersoantallen. Yn de toptiid kamen der 120.000 minsken yn it jier, yn 2007 wiene it der 50.000. Sneontemiddei is it nije museumjier offisjeel iepene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)