Fjouwer fytsedieven oanholden

28 feb 2009 - 13:35

Troch in oplettende tsjûge op it stasjon fan It Hearrenfean koene freedtejûn op de Julianaleane yn Ljouwert fjouwer fytsedieven oanholden wurde. De tsjûge seach dat de manlju in fyts yn in bestelbus laden.

Hy belle mei 112 en koe in goed sinjalemint jaan fan de manlju. Ek hie de man it kenteken fan de bus notearre. De fertochten, trije ynwenners fan It Hearrenfean en in ynwenner fan Aldskoat (17 oant 21 jier) binne oerbrocht nei it buro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)