Ljouwerter mishannele

© Omrop Fryslân
In 38-jierrige ynwenner fan Ljouwert is yn de nacht nei sneon yn de Poststrjitte yn syn wenplak swier mishannele en bestellen fan syn beurs. Plysjeminsken troffen de man oan op strjitte. Hy siet ûnder it bloed.
De dieder fan it misdriuw waard net mear sjoen. It giet om in blanke man fan sa'n 1,90 meter en koart hier. Hy hie in donkere jas oan mei strepen op de mouwen. De fertochte is nei de mishanneling yn de rjochting fan De Kelders rûn.