Fryske Beweging krijt skinking

De Rie fan de Fryske Beweging hat in skinking krigen fan in heal miljoen euro. It giet om it neilittenskip fan in man dy't yn jannewaris ferstoarn is. Dizze man, Koopmans, komt oarspronklik fan Hijum.
Hy wie by libben ek al stiper fan de Rie fan de Fryske Beweging, mar it bestjoer koe him net. It jild wurdt ûnder oare brûkt om de webside te ferbetterjen.