Meldwike skuldhelpferliening

© Omrop Fryslân
It FSU, it 'Fries Samenwerkingsverband Uitkeringsgerechtigden', hâldt in meldwike oer ûnderfinings mei de skuldhelpferliening yn Fryslân. Yn de sprekoeren krige it FSU sinjalen dat der nochal ris wat mis giet by de skuldhelpferliening.
Dêrom hopet de organisaasje dizze wike fan minsken te hearren wat no krekt de problemen binne.