Van Hall-studinten winne priis

© Omrop Fryslân
Fjouwer studinten fan de hegeskoalle Van Hall Larenstein yn Ljouwert, hawwe de GasTerra Publykspriiis wûn. Se krije mei syn allen tsientûzen euro.
It grutste part fan it jild giet nei de skoalle. De studinten ûndersochten as it mooglik is om op in buorkerij in biogas- en etanolynstallaasje te kombinearjen. GasTerra hat de enerzjypriis ferline jier ynsteld.