GGD ropt famkes op foar prik

27 feb 2009 - 20:24

GGD Fryslân ropt famkes op dy't in útnoeging krigen ha foar in yninting tsjin baarmoederhalskanker, om har toch foaral faksinearje te litten. Neffens de GGD is it faksin feilich en effektyf.

Hast 16.000 Fryske famkes fan 13 oant en mei 16 jier moatte yninte wurde tsjin baarmoederhalskanker. Moandei krije yn Boalsert de earste 240 famkes de prikken. Der is krityk op de faksinaasje. Dy soe te fluch komme. Ek is net genôch bekend oer bywurkingen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)