Advendo jout show mei hynders

27 feb 2009 - 15:49

Yn de maneezje fan Snits ha muzikanten fan showkorps Advendo tongersdei oefene mei fjouwer Fryske hynders. Se hâlden in presintaasje foar in show dy't mooglik yn oktober opfierd wurdt by it Het Friese Paardenstamboek. Dat bestiet 130 jier.

Foar de muzikanten en de hynders wie it spannend om meielkoar te spyljen. It hynstestamboek wie entûsjast oer de show. Mooglik kin Advendo it slotstik fan it jubileumfeest fersoargje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)