Hans Lesterhuis is ferstoarn

Hans Lesterhuis is ferstoarn
Hans_Lesterhuis, âld-boargemaster fan It Amelân en Eaststellingwerf, is tongersdei op 64-jierrige leeftyd samar ferstoarn yn syn wenplak Hilversum. Lesterhuis wie fan 1976 oant 1985 boargemaster fan It Amelân en tusken 1985 en 2005 tweintich jier boargemaster fan Eaststellingwerf.
Neist syn wurk as boargemaster wie Hans Lesterhuis tolve jier foarsitter fan it amateurfuotbal fan de KNVB. Lesterhuis wurdt takom wike tiisdei begroeven yn Hilversum.