Soad beswieren yn Nijefurd

27 feb 2009 - 12:22

Amtners fan Nijefurd moatte foar april 462 beswierskriften ferwurkje. De beswieren binne it gefolch fan it beslút fan Boalsert, Wûnseradiel. Snits, Wymbritseradiel en Nijefurd om ien Súdwesthoekegemeente te wurden. Boargers koene har beswieren de lêste moannen op papier sette. En dat barde manmachtich yn Nijefurd wylst yn de oare gemeenten de beswieren op ien hân te tellen binne.

Der binne ekstra amtners regele om de beswierskriften ôf te hanneljen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)