Dieders betelje anonym skea

© Omrop Fryslân
Nei de dieders fan fernielerij oan in tsjerkegebou yn Jistrum hoecht net mear socht te wurden. De tsjerkfâdij hat de oanjefte ynlutsen nei't de dieders, anonym, jild brochten by de dûmny om de skea te fergoedzjen.
Ein desimber waard fjoerwurk smiten yn de dakgoate fan it gebou Markant. Derby ûntstie in grut gat, dat lestich te meitsjen wie. De plysje hat mei de saak oan de gong west, mar hie oant no ta net de dieders achterhelje kinnen.