Ljouwert jout 'Advys op maat'

© Omrop Fryslân
Ljouwert jout bewenners fan de wyk Heechterp-Schieringen nije wike advys oer tal fan regelingen. Der is omtinken foar gemeentlike regelingen, soarch- en hiertaslach en de mooglikheden fan fergees sporte foar bern en koartingen op sporten.
Ek sille meiwurkers fan de gemeente op fersyk helpe by it ynfoljen fan de belestingoanjefte. By it projekt 'Advies op Maat' wurket de gemeente gear mei HWL, FSU en de GKB.