Trochstart foar Raderwerk

It bedriuw Radarwerk yn Bûtenpost makket in trochstart. It wurksintrum fan Achtkarspelen en Kollumerlân wurdt oernaam troch reyntegraasjebedriuw WerkPro út Grins. Radarwerk wie ûnderdiel fan Lelie_Hollander yn Drachten. Dit bedriuw gie ein jannewaris fallyt.
De oername betsjut dat alle santich wurknimmers oan it wurk bliuwe kinne. Radarwerk hat ûnder oare de kringloopwinkel yn Bûtenpost.