Boelensloane wol streekbus

Boelensloane en Houtigehage wolle streekbus
Boelensloane en Houtigehage wolle dat de streekbus wer troch de doarpen rydt. In delegaasje fan beide Pleatslik Belangen hat dat fersyk by busferfierder Qbuzz dellein. De doarpen ha al tsien jier gjin busferbining.
Allinnich moarns rydt der in streekbus. De rest fan de dei moatte de ynwenners nei haltes bûten de doarpen. Der komt in enkête yn beide doarpen om te sjen oft de ynwenners ek wolle dat de busferbining weromkomt.