Groei by Accell

27 feb 2009 - 09:09

Fytsfabryk Accell op It Hearrenfean hat foarich jier gjin lêst hân fan de ekonomyske krisis. De winst gie mei 17 prosint omheech nei 27 miljoen euro. De omset gie omheech mei 13 prosint nei 540 miljoen euro. Dat doch bliken út sifers fan it fabryk.

Ek foar dit jier is Accell posityf. It bedriuw tinkt dat de winst- en omsetsifers mear tanimme sille. Oarsaken fan de groei binne neffens it fabryk de ekstra oandacht foar it miljeu en de fergrizing.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)